Trynke Minzinga Zijlstra Veenstra |
Hjoed
It is hjoed us heit syn jierdei,
hy is seisentachtig wurden
Net sa âld noch.
Us mem is âlder wurden.
Hy kin syn plak in dizze wrâld wol fine.
Hy kin goed mei minsken oer de wei,
dat is syn styl, der hat er syn brea mei fertsjinne
Der hat er yn it libben syn slinger yn fûn.
Tige aardichheid hat er oan ús bern.
Hy wol hearre wat se te fertellen hawwe,
oer de wrâld fan hjoed-de-dei,
mei syn soarchen en har lijerij.
Ek woe der witte wat harren wille is,
hoe of it mei harren freonen is.
en at it thús allegearre wol ynoarder is.
Hy seit dan "It komt wol goed, dat is wis!
At it hjoed net bart dan moarn.
Dat haw ik sjoen yn myn libben.
Ik soe der ferhalen fan fertelle kinne,
doe't ik sa'n jonge wie en op it mar omswalke
mei myn freonen of allinne.
It wie bitiden need waar kin'k dy sizze.
In stoarm om fan te grizen.
En der wiene yn myn libben stoarmen, folle-net-genôch.
It komt wol goed, dat is wis.
Dat leauwen haw ik leard fan ús mem, dyn beppe Sytske.
Witst noch wol, sy koe och sa moai fertelle.
De ferhalen wien faaks al te moai."
It is hjoed ús heit syn jierdei.
Hy wie seisentachtich wurden
at hy noch libbe hie.
HJOED, in dei om even stil te stean.
Wierd Minzinga Zijlstra
9 augustus 1998
Mijn vader schreef dit voor zijn vader die in 1948 is verdronken terwijl hij onderweg was naar een bijeenkomst over emigreren.