dinsdag 13 maart 2018

Ken je mij van Trijntje Oosterhuis

Tijdens de tweedaagse 'Jouw verhaal als bron' met Wibe Veenbaas haalde hij een aantal keren dit lied van Trijntje Oosterhuis aan. De tekst is geschreven door haar vader Huub Oosterhuis. En hij had zich laten inspireren door Psalm 139. 

Het bijzondere is dat toen mijn moeder, twee jaar geleden, zo ziek was, zij ons, haar kinderen, vroeg of we na wilden denken over haar begrafenis. Over wat voor ons troostend zou kunnen zijn. Ik wilde toen graag 'Ken je mij' van Trijntje Oosterhuis gespeeld hebben. Zo prachtig. Samen hebben we daar nog naar kunnen luisteren doordat ze hier ruimte voor had en gaf. 


Wat nu zo frappant is, is dat mijn vader vanmorgen de friese bijbel erbij pakte, zonder dat ik het over het afgelopen weekend had gehad. En hij mij de suggestie gaf dat ik Psalm 139 bij herhaling zou kunnen lezen. Dus ik heb het uitgeschreven en plak het hieronder neer. Samen met een foto van mijn vader en mij vanochtend bij de koffie. Leren van het leven.

Psalm 139          
Oan ‘e Heare is net te ûntkommen

1             Foar de dirigint. Fan David. In psalm.

O Heare, Jo ha my hifke en Jo kenne my.
2             Jo witte fan myn sitten en oereinkommen.
               Fan fierren al fersteane Jo myn gedachten.
3             Jo bemjitte myn gean en myn lizzen,
               Mei al myn wegen binne Jo bekend.
4             Want der komt my gjin wurd oer de lippen
               Of Jo, Heare, witte der al lang fan.
5             Achter my binne Jo en foar my, rûnom,
               En Jo lizze de hân op my.
6             Dat te witten is my al te wûnder
               En te ferheven; ik kin der net by.
7             Mar wêr moet ik hinne foar jo Geast,
               Wêrhinne flechtsje foar jo eagen?
8             Klim ik nei de himel op, Jo binne dêr.
               Jou ik my del yn it deaderyk, dêr binne Jo ek.
9             Nim ik de wjokken fan é moarntiid
               En stryk ik del by de fierste see,
10          ek dêr sil jo hân my liede
               En jo rjochterhân my fêst hâlde.
11          Al tink ik, dat de tsjusternis myn tekken is
               En al brûk ik de nacht as myn dei,
12          foar Jo is it tsjuster gjin tsjuster
               En de nacht like ljocht as de dei.
13          Jo hawwe ommers myn nieren foarme,
               My weve yn myn memmeskurte.
14          Ik loovje Jo dat ik sa bjusterbaarlik makke bin
               Wûnderbaarlik binne Jo wurken,
               Ik wit it tige skoan.
15          Myn lichem wie Jo net ferburgen,
               Doe’t ik yn it ferhoalene makke bin
               As keunstich weefwurk yn ‘e djipten fan ‘e ierde.
16          Jo eagen hienen my al sjoen,
               doe’t ik noch yn ‘e memmeskurte lei.
               Ja de dagen dat myn lichem foarme waard
               Stienen allegear al yn jo boek beskreaun,
               Doe’t der noch net ien fan bestie.
17          Mar foar my – hoe swier binne jo gedachten te fetsjen,
               Hoe machtich, o God, binne se yn tal.
18          Woe ik se besomje, dan binne se mear as it sân.
               En kaam ik op ‘e ein, dan bliuw ik noch mei Jo dwaande.
19          O God, deadzje dochs de sûnders
               En lit de moardsuchtigen by my wei gean,
20          dy’t dûbelhertich tsjin Jo sprekke
               En har waanwiis tsjin Jo ferheffe.
21          Soe ik gjin hate hawwe yn jo hater, Heare?
               Soe ik net ferachtsje dy’t it tsjin Jo yn ‘e kant sette?
22          Sa folslein is myn haat tsjin har,
               Dat se binne foar altyd myn fijannen.
23          Hifkje my, God, en ken myn hert,
               Bedjipje my en ken myn gedachten.
24          Sjoch, oft ik op in wei-fan-ferdjer bin
               En bring my op de âlde, de ivige wei.


Geen opmerkingen: