Het bijzondere is dat toen mijn moeder, twee jaar geleden, zo ziek was, zij ons, haar kinderen, vroeg of we na wilden denken over haar begrafenis. Over wat voor ons troostend zou kunnen zijn. Ik wilde toen graag 'Ken je mij' van Trijntje Oosterhuis gespeeld hebben. Zo prachtig. Samen hebben we daar nog naar kunnen luisteren doordat ze hier ruimte voor had en gaf.
Wat nu zo frappant is, is dat mijn vader vanmorgen de friese bijbel erbij pakte, zonder dat ik het over het afgelopen weekend had gehad. En hij mij de suggestie gaf dat ik Psalm 139 bij herhaling zou kunnen lezen. Dus ik heb het uitgeschreven en plak het hieronder neer. Samen met een foto van mijn vader en mij vanochtend bij de koffie. Leren van het leven.
Psalm
139
Oan ‘e Heare is net te ûntkommen
1 Foar de dirigint. Fan David. In psalm.
O Heare, Jo ha my hifke en Jo
kenne my.
2 Jo witte fan myn
sitten en oereinkommen.
Fan fierren al fersteane Jo myn gedachten.
3 Jo bemjitte myn gean en myn lizzen,
Mei al myn wegen binne Jo bekend.
4 Want der komt my gjin wurd oer de lippen
Of Jo, Heare, witte der al lang fan.
5 Achter my binne Jo en foar my, rûnom,
En Jo lizze de hân op my.
6 Dat te witten is my al te wûnder
En te ferheven; ik kin der net by.
7 Mar wêr moet ik hinne foar jo Geast,
Wêrhinne flechtsje foar jo eagen?
8 Klim ik nei de himel op, Jo binne dêr.
Jou ik my del yn it deaderyk, dêr binne Jo ek.
9 Nim ik de wjokken fan é moarntiid
En stryk ik del by de fierste see,
10 ek dêr sil jo hân my
liede
En jo rjochterhân my fêst hâlde.
11 Al tink ik, dat de tsjusternis myn tekken is
En al brûk ik de nacht as myn dei,
12 foar Jo is it tsjuster
gjin tsjuster
En de nacht like ljocht as de dei.
13 Jo hawwe ommers myn nieren foarme,
My weve yn myn memmeskurte.
14 Ik loovje Jo dat ik sa bjusterbaarlik makke bin
Wûnderbaarlik binne Jo wurken,
Ik wit it tige skoan.
15 Myn lichem wie Jo net ferburgen,
Doe’t ik yn it ferhoalene makke bin
As keunstich weefwurk yn ‘e djipten fan ‘e ierde.
16 Jo eagen hienen my al sjoen,
doe’t ik noch yn ‘e memmeskurte lei.
Ja de dagen dat myn lichem foarme waard
Stienen allegear al yn jo boek beskreaun,
Doe’t der noch net ien fan bestie.
17 Mar foar my – hoe swier binne jo gedachten te fetsjen,
Hoe machtich, o God, binne se yn tal.
18 Woe ik se besomje, dan binne se mear as it sân.
En kaam ik op ‘e ein, dan bliuw ik noch mei Jo
dwaande.
19 O God, deadzje dochs de sûnders
En lit de moardsuchtigen by my wei gean,
20 dy’t dûbelhertich tsjin Jo sprekke
En har waanwiis tsjin Jo ferheffe.
21 Soe ik gjin hate hawwe yn jo hater, Heare?
Soe ik net ferachtsje dy’t it tsjin Jo yn ‘e kant
sette?
22 Sa folslein is myn haat tsjin har,
Dat se binne foar altyd myn fijannen.
23 Hifkje my, God, en ken myn hert,
Bedjipje my en ken myn gedachten.
24 Sjoch, oft ik op in wei-fan-ferdjer bin
En bring my op de âlde, de ivige wei.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten